In lekker kopke kofje mei…..


By Bakkerij Andringa kinne jo oanskowe foar in lekker kopke tee of kofje. Fansels mei in gebakje of in stik sûkerbôle mei boerebûter. Gesellich yn de winkel of op ús terras foar de winkel. Wy ha foar jo in moaie sithoeke makke. Sa kinne jo fuortdaliks genietsje fan al ús hearlike bakkersprodukten.

In broadsje mei wat dêrop

Noflik lunche by Bakkerij Andringa? Ek dat is mooglik. Alle dagen  kinne jo lekkere, rojaal beleine broadsjes of tosty's krije. Mei wat drinken en de krante efkes skoft.
Fries Nederlands

alle

woansdeis

KOEKEDEI