De kroan op ús 150 jierrich bestean!


Op 25 septimber 1997 ha wy it predikaat Hofleveransier krigen. Foar 150 jier hearlike produkten en poerbêste service.

Yn 1846 troude Sybren Andries Andringa (22-09-1814) mei Geiske Gerbens Halbertsma (05-04-1812). In bakkersdochter út Grou. Oan de Waachshaven yn Grou krigen sy harren bakkerij. Underwilens ha seis generaasjes Andringa de Grousters, toeristen én ek trije generaasjes Keninklike famylje foarsjoen fan hearlike bakkersprodukten.

Daagliks gean wy de útdaging oan dit predikaat wier te meitsjen. Mei produkten fan hege kwaliteit, in goede service en in grut assortimint. Sadat jo genietsje kinne fan ús hearlike farske bôle en broadsjes, Fryske en Grouster spesjaliteiten, gebak en koeke.
Fries Nederlands

alle

woansdeis

KOEKEDEI